Springe nei ynhâld

Bitri

Ut Wikipedy
in Bitri scooter

Bitri (BI-TRIumph) is in histoarysk Nederlânsk merk fan scooters, makke by it Nederlandse Scooterfabriek N.V. yn Dokkum (1955-1964).

Bitri ûntstie yn de jierren fyftich doe’t twa motorleafhawwers (Wim van der Gang en in studint út Delft) in auto bouden troch twa Triumph-blokken (fandêr bi-Triumph) yn ien frame te bouwen. Der wie lykwols gjin belangstelling foar. Dat Bitri gie oer op it meitsjen fan 150- en 200 cc scooters mei ILO- en Rotax-blokjes. Letter boude Wim van der Gang mei syn broer Jacob snoep- en sigarette-automaten. Doe't yn de jierren santich en tachtich dúdlik minder smookt waard, hold it bedriuw op mei de sigarette-automaten.

It fabryk makket no ûnder de namme Hiatus matrizen troch middel fan heechweardige techniken. It bedriuw yn Dokkum is no yn hannen fan de soannen fan de betinker fan de Bitriscooter (Wim van der Gang).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Erwin Tragatsch: Alle Motorräder 1894–1981: Eine Typengeschichte. 2500 Marken aus 30 Ländern Stuttgart 1997, ISBN 3-87943-410-7
  • Erwin Tragatsch: The Illustrated Encyclopedia of Motorcycles, Secaucus 1985. ISBN 0890098689
  • S. Ewald & G. Murrer: Enzyklopädie des Motorrads, Marken – Modelle – Technik, Bechtermünz Verlag 1999, ISBN 3-8289-5364-6
  • Het Motorrijwiel
  • Moto 73