Springe nei ynhâld

Bismarcksee

Ut Wikipedy
Bismarcksee
geografy
type wetterrânesee
lokaasjetusken Nij-Guineä en de
   Bismarckarsjipel
lân Papoea Nij-Guineä
koördinaten4° S, 148° E
ûnderdiel fanStille Oseaan
sifers
maks. lingte1.300 km
maks. breedte450 km
oerflak250.400 km²
djiptegemiddelde2.000 m
djipste punt2.500 m

De Bismarcksee is in see yn de Grutte Oseaan. De Bismarcksee wurdt yn it suden en westen begrinzge troch Papoea Nij-Guinea en yn it noarden en easten troch de Bismarckarsjipel. Yn it easten wurdt de see ôffrede troch de eilannen Nij-Brittanje en Nij-Ierlân, en yn it noardwesten troch de Admiraliteitseilannen.

Yn de Bismarcksee waard ûnder de Twadde Wrâldkriich fan 2 maart oant 4 maart 1943 yn de Slach yn de Bismarcksee de Japanske fleat ferslein.

De see is ferneamd nei de Dútske kanselier Otto von Bismarck. Ein 19e iuw foel de see ûnder it gebiet Dútsk Nij-Guinea, in Dútske koloanje.

Resint ûndersyk yn de boaiem fan de Bismarcksee hat grutte mineraalfoarrieden oantoand, sulfiden, koper, sink, sulver en goud. Papoea Nij-Guinea hat de mynrjochten yn dit gebiet. De fynsten binne tige wichtich meidat se ûnder in yn ferhâlding ûndjippe, meast kalme see fûn binne.[1]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. The Mineral Wealth of the Bismarck Sea, Scientific American Digital