Bisdom Eisenstadt
It Bisdom Eisenstadt (Latyn: Dioecesis Sideropolitanus) is in roomsk bisdom yn Eastenryk dat ûnder de tsjerkeprovinsje Wenen falt. De grinzen fan it bisdom komme oerien mei de grinzen fan de Eastenrykske dielsteat Burgenland. De biskopssit stiet yn Eisenstadt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant it ein fan de Earste Wrâldkriich hearde Burgenland by Hongarije en tsjerklik hearde it gebiet oant 1922 ta de bisdommen Győr en Szombathely. It Dútsktalige West-Hongarije waard yn 1921 as Burgenland in dielsteat fan Eastenryk. Fan 1922 oant 1949 wiene de aartsbiskoppen fan it aartsbisdom Wenen ek apostoalyske administratoren foar Burgenland. Unter kardinaal Theodor Innitzer waarden it preesterseminaarje fan Burgenland yn Wenen en in Lytsseminaarje foar jongfeinten stifte. It tsjerkebestjoer waard fan Wenen nei Eisenstadt ferhûze.
De Anschluss yn 1938 betsjutte foar de Tsjerke in swiere slach en in ein oan it opbouwurk fan de Tsjerke yn Burgenland. Katolike skoallen waarden opheft en de útfiering fan pastorale soarch waard hindere. It bestjoer fan de tsjerke moast earst nei Mattersburg en dan nei Bad Sauerbrunn ferhûzje. Tsjerklike gebouwen waarden yn beslach nommen en preesters, susters en leken waarden troch de nazy's ferfolge.
Nei de Twadde Wrâldkriich waard yn 1949 Joseph Schoiswohl as administrator beneamd, dy't it bestjoer wer nei Eisenstadt ferhûze.
Burgenland waard yn 1960 troch paus Jehannes XXIII mei de bul Magna quae fan 15 augustus 1960 ta bisdom ferheft.
Katedraal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sint-Martinusdom is de katedraal fan it bisdom Eisenstadt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|