Springe nei ynhâld

Bisdom Augsburg

Ut Wikipedy
Bisdom Augsburg

Bistum Augsburg

Katedraal
Katedraal
Basisgegevens
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Tsjerkeprovinsje München en Freising
Biskopssit Augsburg
Katedraal Dom fan Augsburg
Patroanhillige Ulrik, Afra en Simpert
Hiemside bistum-augsburg.de
Skiednis
Oprjochting 6e iuw
Hierargy
Biskop Bertram Meier (sûnt 2020)
Statistyk
Oerflak 13.250 km²
Befolking 2.475.000 (31.12.2021)
Wêrfan katolyk 1.183.000 (31.12.2022; 47,8 %)
Dekenaten 23
Parochy's 1033 (31.12.2019)
Lokaasje bisdom Augsburg yn Dútslân
Lokaasje bisdom Augsburg yn Dútslân

Bisdom Augsburg (Dútsk: Bistum Augsburg, Latyn: Dioecesis Augustana Vindelicorum) is in roomsk-katolyk bisdom mei de haadsit yn Augsburg. It bisdom falt ûnder it aartsbisdom München en Freising en beslacht it súdwestlike diel fan 'e Dútske dielsteat Beieren.

Augusta Vindelicum (Augsburg) wie de haadsstêd fan 'e Romeinske provinsje Raetia secunda en yn dy tiid sil it kristendom dêr ûntstien wêze. Afra fan Augsburg wie in ierkristlike frou, dy't yn it jier 304 de martlerdea ferstoar. Hja is patroanhillige fan 'e stêd Augsburg en it bisdom Augsburg.

Der binne oanwizings út it jier 565 dat der doe al in bekende Afra-ferearing bestie, dy't mear as regionaal wie. Der kin oannommen wurde dat ek nei de fal fan 'e Romeinske oerhearsking in kristlike mienskip bestean bleau. Opgravings by de domtsjerke fan Augsburg wize op in earste biskopstsjerke yn dy tiid.

De earste biskop fan Augsburg dy't by skiedkundigen mei wissichheid bekend is, is biskop Wikterp (ek Wigbert of Wiggo), dy't yn 772 stoar. Under it bestjoer fan biskop Simpert ûntstiene om it jier 800 hinne de benediktynske kleasters Benediktbeuern, Wessobrunn en Ottobeuren.

Patroanhilligen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De patroanhilligen fan it bisdom binne biskop Ulrik, Sint-Afra en biskop Simpert.

De domtsjerke fan Augsburg (of de Marije-Fisitaasjedom) is de katedraal fan it bisdom Augsburg. It is tagelyk de stedstsjerke fan 'e Hillich Hert fan Jezus-parochy.