Springe nei ynhâld

Biljetletter

Ut Wikipedy
Biljetletters

Biljetletters waarden brûkt by it meitsjen fan affysjes yn heechdruk. Se wienen meastentiids makke fan kops hurdhout, bygelyks kersehout. Yn it earstoan waarden biljetletters mei de hân snien. Sûnt de njoggentjinde iuw waarden se freesd mei in mal en in pantograaf. De iere, ryk fersierde biljetletters wiene metalen plaatsjes, op hout monteard: de saneamde opsleine letters.

It korps wurdt net yn punten mar yn sisero of augustyn oanjûn. Hast alle biljetletters mjitte 8 augustyn (± 3,6 sm) of grutter, hoewol't lytsere korpsen ek foarkomme.

Nei de Twadde Wrâldoarloch is it brûken fan biljetletters weromrûn troch de opkomst fan offset en printsjen. Yn Nederlân binne no amperoan noch drukkerijen dy't biljetletters kommersjeel tapasse. Yn grafyske museums (bygelyks yn Museum De Jouwer ) en wurkplakken en by kontribuanten fan de Stichting Drukwerk yn de Marzje wurde se noch wol op lytse skeal tapast.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ronald Steur (red.), Mathieu Lommen (ynl.) - Nederlands-Hongaarse biljetletterproef = Magyar-Holland Plakátbetüminta, Amsterdam: LJC-Pers, 2009. Oplage 55 ekspl.
  • Rob Roy Kelly - American Wood Type, 1828-1900: Notes on the Evolution of Decorated and Large Types and Comments on Related Trades of the Period