Springe nei ynhâld

Bildtstar

Ut Wikipedy

De bildtstar is in ierdappelras dy't yn de Fryske gemeente It Bilt kweekt waard en ûntstien is troch it krusen fan de rassen winda en saturna. De skyl fan de bildtstar is read.

De plant hat donkergrien blêd en it blêdsilhûet is heal iepen oant sletten. De stâle ferkleurret sterk troch in heech halte antosyanen. Ek de binnenkant fan de blomblêden ferkleurret dêrtroch. De plant is tige fetber foar fytofthora en betreklik fetber foar it blêdrolfirus, mar hat in goede resistinsje tsjin it Y-firus.

De plant hat in lange kiemrêst.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: