Springe nei ynhâld

Big Boy Restaurants

Ut Wikipedy

Big Boy Restaurants is in Amerikaanske keatling fastfoodrestaurants, dy't yn 1936 yn Glendale, yn Kalifornje, oprjochte waard troch Bob Wian. De Marriott Corporation kocht de restaurantkeatling yn 1967 oan, mar ferkocht him yn 1987 oan 'e Elias Brothers, ien fan 'e gruttere franchisenimmers. Dy ferhuzen it haadkertier fan Big Boy nei Warren, ûnder de reek fan Detroit, dêr't harren eigen haadkantoar fêstige wie oant se yn 2000 oer de kop giene. De restaurantkeatling waard doe oernommen troch ynvestearder Robert Liggett jr., dy't der in selsstannich bedriuw fan makke. Hjoed de dei hat it franchise-bedriuw 80 fêstigings yn de Feriene Steaten en 279 yn Japan.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]