Bibelsk Printekabinet
Appearance
Museum Bibelsk Printekabinet, earder Bibel yn Byld, is in museum yn Dokkum, dat oant 2008 oan de Nijbuert yn Ternaard fêstige wie. De ferhuzing nei Dokkum waard yn 2007 pland om't dêr mear oanrin fan toeristen ferwachte waard.
De eardere Meniste-tsjerke út 1851 heart ek ta it museum. Yn it tsjerkje sit in Bakker & Timmenga-oargel út 1915. It printekabinet sit yn it fergaderlokaal njonken de tsjerke. Der binne tekeningen út de 15e iuw - 19e iuw fan ûnder oaren Pieter Mortier, Nicolaas Visscher, Romeyn de Hooghe, Christoffel van Sichem, mar ek Jozef Israëls en Marcus van Loopik. De kolleksje bestiet fierder út ferskate bibelútjeften, dêrûnder de Nederlânske Steate-oersetting, psalmberimingen en Fryske oersettingen.