Springe nei ynhâld

BibTeX

Ut Wikipedy
BibTeX

BibTeX is programmatuer (Ingelsk:software) om literatuerlisten oan te lizzen en te brûken binnen LaTeX-dokuminten.

BibTeX is makke troch Oren Patashnik en Leslie Lamport yn 1985.

Middels BibTeX kin men yn in LaTeX-dokumint referinsjes oanhelje om automatysk in literatuerlist yn it dokumint te setten. Mei ferskillende bibliografy-stilen kin men de lay-out fan de referinsjes yn de tekst en fan de literatuerlist tige fluch en konsekwint feroarje.

Dokumintsoarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

BibTeX ûnderskiedt ferskate dokumintsoarten. Ofhinklik fan it dokuminttype wurdt bepaald hokker fjilden ynfold wurde moatte. Sa hat in artikel yn in wittenskiplik tiidskrift in volume en in number, wylst in boek in publisher hat.

Yn de tabel hjirûnder wurde de dokumintsoarten neamd, mei harren ferplichte fjilden. Neist de ferplichte fjilden, hawwe de soarten ek faak in oantal opsjonele fjilden.

DokumintsoarteBeskriuwingFerplichte fjilden
articleArtikel yn in wittenskiplik tiidskriftauthor, title, journal, year
bookIn boek mei in útjouwerauthor/editor, title, publisher, year
bookletIn bondele wurk sûnder útjouwertitle
conferenceFerfongen troch inproceedings
inbookDiel fan in boek, bygelyks in haadstikauthor/editor, title, chapter/pages, publisher, year
incollectionDiel fan in boek mei eigen titelauthor, title, booktitle, publisher, year
inproceedingsArtikel yn in konferinsjebondelauthor, title, booktitle, year
manualTechnyske hantliedingtitle
mastersthesisOfstudearferslachauthor, title, school, year
miscAlles wat net yn in oar type pastNeat
phdthesisDissertaasjeauthor, title, school, year
proceedingsKonferinsjebondeltitle, year
techreportUndersyksrapport troch in ynstitútauthor, title, institution, year
unpublishedNet formeel publisearreauthor, title, note
(Bron: LaTeX, A Document Preparation System, Leslie Lamport, 1994.)

Utwikseljen fan BibTeX-entries

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane ferskillende manieren om BibTeX-entries (de BibTeX-beskriuwing fan in dokumint) út te wikseljen. Sa jout Citeseer by elk dokumint de BibTeX-beskriuwing. Ek besteane der peer-to-peer-útwikseltsjinsten foar BibTeX-entries, lykas Bibster.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]