Springe nei ynhâld

Bertrix

Ut Wikipedy
Bertrix
FlaggeWapen
Polityk
Lân België
DielsteatWalloanje
Provinsje Lúksemboarch
Sifers
Ynwennertal9.057 (2025)
Oerflak137,7 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens65,05 / km²
Stêdekloftn.f.t.
Oar
WebsideWebstee fan de gemeente
Lizzing fan de gemeente yn it arrondissemint Neufchâteau, provinsje Lúksemboarch

Bertrix (Waalsk: Bietris) is in plak en gemeente yn de Belgyske provinsje Lúksemboarch.

Yn de gemeente Bertrix leit de NATO-loftmachbasis Jehonville Air Base.

Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 11 maaie 1940, de twadde dei fan de westlike kampanje, waard Bertrix om 16.00 oere hinne ynnommen troch troepen fan de Wehrmacht (1e Panzer Division), dy 't as doel hiene de Maas by Sedan oer te stekken, wat fluch slagge. Earder wiene Frânske kavalery-ienheden op harren weromtocht troch Bertrix gien. Se hiene dêr in pear Hotchkiss H-39 lichte tanks efterlitten - omdat de H-39 mar in 37 mm kanon hie, koe er gjin bedriging foarmje foar de Dútske Panzer III en Panzer IV.
België wie beset troch de Wehrmacht oant de winter fan 1944/45. Bertrix en omkriten waard ek troffen troch it Ardennenoffensyf fan 16 desimber 1944.[1]

Bertrix leit oan it spoar en hat treinferbinings mei Libramont, Dinant en Virton. Utsein it wykein ride der treinen oer Virton en Aubange nei Arlon.

#NammeOerfl.
(km²)
Ynwenners
(2020)
Ynwenners
de km²
NIS-koade
1Bertrix47,176.10012984009A
2Jehonville32,707422384009B
3Orgeo33,081.3013984009C
4Cugnon11,763603184009D
5Auby-sur-Semois13,803392584009E

Wenkearnen yn de gemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: