Bernardo Strozzi

Ut Wikipedy
Sint Kristoffel fan Strozzi.
Bernardo Strozzi (1640): portret fan Claudio Monteverdi, oaljeferve

Bernardo Strozzi (Genua, 1581 - Feneetsje, 1644), ek wol Il Cappuccino neamd, wie in Italjaansk keunstskilder.

Doe't Strozzi 17 wie, kaam er by de oarder fan de Kapusinen. Nei it skilderjen fan de komponist Claudio Monteverdi helle syn ferneamdens oan; in soad Feneetsiaanske pommeranten waarden troch him portrettearre.

Strozzi skildere ûnder ynfloed fan Rubens en van Dyck mei in strielend palet en hy makke oerdiedige figuerekomposysjes. Yn syn wurk is ek de ynfloed fan Caravaggio te fernimmen. Nei't er yn 1630 nei Feneetsje ferfard wie, waarden syn komposysjes ienfâldiger. Strozzi skildere op de ein fan syn libben mear persoanlik en yn in lossere styl.