Berjocht oerlis:Ynfoboks plak Nederlân
Appearance
As ik dit berjocht brûk dan komt de provinsje der net by. Hoe krij ik dy der al by?--J'88 17 des 2009, 18.28 (CET)
- Moat der perfoarst in oar berjocht komme as Berjocht:Plak? Is der eat dat dêr net yn mei? Of hat dat de ferkearde namme? Aliter 17 des 2009, 19.13 (CET)
Dêr steane ek gritenij, tal stimmen en dat soarte saken yn. Dy komme ommers net foar bûten Fryslân.--J'88 17 des 2009, 19.41 (CET)
- Dan hie dat better Plak yn Fryslân wêze kinnen. En dy moatte hoe ek opsjoneel wêze om't net alle plakken yn Fryslân dy skiednis hawwe. En wat moat der dan wer yn Berjocht:Plakynformaasje, dy't ek al net âld is, en hoe is dat doel oars as Berjocht:Lokaasjeboks? Ik fyn it bêst as der mear as ien berjocht foar is, at dat it dúdliker makket, mar dan al graach sa dat wy yn ien kear witte wat wêrta tsjinne sil, dat wy net hieltiid funksjes hinne ne wer skowe moatte. Aliter 17 des 2009, 20.07 (CET)
- Fan lokaasjboks wie ik net op de hichte. Plakynformaasje is ien dy't ik oanmakke haw foar bûtelânske stêden. Dat is ynformaasje dy't gau ris op te sykjen is en de side fan basisynformaasje betsjinnet. De ynformaasje dy't yn sa'n berjocht stean moat feroaret fan lân, it iene lân hat ommers in oare steatshúshâlding dan oare lannen. De ynformaasje yn Plakynformaasje is algemien en giet op foar elts lân.--J'88 17 des 2009, 20.14 (CET)
- No, hast alle fjilden yn Plakynformaasje sille net yn alle gefallen jilde of net maklik te finen wêze. Fansels koe it Stêdynformaasje wêze, mar dat liket my ek net de oplossing. Mar begryp ik goed dat dit in Lokaasjeboks foar allinnich plakken, Plak Algemien, wêze moat, wylst jo fan doel binne der dan Plak yn Abkaazje, Plak yn Afganistan ... Plak yn Wyt-ruslân by te meitsjen? Dan soe it my better lykje om oeral de opmaak fan Plak = Plak yn Fryslân oan te hâlden, om foar te kommen dat wy twahûndert ferskillende plakboksen krije, of oars de neutrale opmaak fan Lokaasjeboks. Goed, ik sil ûnderwilens ris sjen at der mei dit berjocht ek wat mis is. Aliter 17 des 2009, 21.01 (CET)
- Sa gek sil it net wurde. Plakynformaasje dekt de lading goed en kin algemien foar in soad lannen brûkt wurde. No binne der al wol wat siden oer stêden út bygelyks Dútslân, de Feriene Steaten en noch wat lannen. Dêr kin mooglik al in spesjale boks foar makke wurde yn de takomst.--J'88 17 des 2009, 21.15 (CET)
- It is net jo bedoeling dat is sa gek wurdt; litte wy it dêrby hâlde. Dochs graach in konsekwinte opmaak: Is de opmaak fan Plak akseptabel? Aliter 17 des 2009, 21.37 (CET)
- Ik hie earst deselde flater: De namme yn it foarbyld wie net deselde as de namme fan it berjocht. It berjocht wie yn oarder, it waard allinnich net oanroppe at it foarbyld besocht waard. Aliter 17 des 2009, 22.06 (CET)
- Ja, danke. Sa is it berjocht te brûken foar alle plakken yn Nederlân.
- Ik bin trouwens fan miening dat wy it sunich oandogge mei berjochten as ik dat fergelyk mei oare Wikipedia's dy't foar werklik alles wat hawwe.--J'88 17 des 2009, 22.10 (CET)