Springe nei ynhâld

Berjocht oerlis:Skiednis fan Fryslân

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Sjoch, in probleem mei sa'n oersjochtlistbejocht is dat jo saken op de side sette dy't der net daalks mei te krijen hawwe. Immen dy't in syktsjinst brûkt komt dat op de ferkearde side út. Bygelyks, immen dy't lêze wol oer it rjocht by de Frisii, komt út by de Upstalbeam. En dat jildt ek foar ien dy't wat witte wol oer in grêfheuvel yn West-Fryslân. Oarsom komt immen dy't wat witte wol oer it ferbân tusken de Fryske Beweging en de Upstalbeam út by Noard-Fryslân. At jo in oersjoch fan de Skiednis fan Fryslân hawwe wolle, skriuw dan in Skiednis fan Fryslân. At jo alle siden oer de skiednis fan Fryslân byelkoar hawwe wolle, meitsje dan in kategory Skiednis fan Fryslân. Mar net wer sa'n berjocht, asjebleaft. Aliter 23 sep 2008, 02.10 (CEST)[beäntwurdzje]

Grinslân

[boarne bewurkje]

Is it goed dat ik Grinslân der by vermelde hawwe? Grinslân is gjin lid fan de Fryske Rie, mar kultuer-historisk, lânskappelik, taalkundich en ekonomisch (grutte ierdgasexploitant en agrariske sektor) is it gewoan part fan Fryslân. Grönneger 1 16 nov 2008, 21.04 (CET)[beäntwurdzje]

Sealterlan

[boarne bewurkje]

Heerd de flagge fan it Sealterlan ek der by? --Bernd 28 jan 2012, 21.53 (CET)[beäntwurdzje]