Berjocht oerlis:SURf1975

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Tsja, at wy fan doel binne om alle kearen dat de flage of de lânnamme feroaret it berjocht te feroarjen ta in histoaryske ferzje, dan kin der mar better ien begjinne oan de bot dy't alle ferfangings dwaan moat. Aliter 11 des 2010, 20.18 (CET)[beäntwurdzje]

Histoarje is histoarje mar it liket my nogal dreech om dêr in bot foar te meitsjen. Wikiice 11 des 2010, 21.04 (CET)[beäntwurdzje]

Nee, it gie my om wat no noch by de tiid is; At jo histoaryske flagen brûke wolle, dan betsjut dat dat at in hjoeddeiske flage feroare wurdt, dat de âlde dan histoarysk wurdt en jo dêrtroch alle siden dêr't it berjocht fan dy flage brûkt wurdt, oanpasje moatte. Op himsels is dat in tekstferoaring neffens in list (fan keppele siden); dat is wêr't in feroaringsbot goed mei is. Mar it is al in probleem dat hjirmei daalks yn it sicht komt. Alle jierren feroaret der grif wol in flage, dat dan moat hjir al in systeem foar komme. Aliter 12 des 2010, 22.07 (CET)[beäntwurdzje]