Springe nei ynhâld

Berjocht oerlis:Koördinaten

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Minsken, tink efkes om de koördinaten. De Fryske ôfkoarting fan NoardEast is NE en net NO.

Kening Aldgilles 15 aug 07, 1617 CET

Goed opmurken, oant no ta hawwe wy dy berjochten kopiearre fan :nl as :de as :en. Der binne dochs wol wat fariaasjes, bygelyks N, E, S, W as OL, WL, NB en SB.
Sille wy der mar oerol NB (Noarderbreedte), SB (Suderbreedte), EL (Easterlingte) en WL (Westerlingte) fan meitsje. Ik sil se allegear wol efkes neirinne en ek de opmaak fierders besykje lyk te meitsjen.
Ik haw oer dit berjocht ek alris mei Aliter in diskusje hân. Hy fûn it net sa dúdlik. Eins haw ik dit berjocht noch net sa'n bulte brûkt om't dizze diskusje noch net klear wie.
It maklikst is om it berjocht op dit plak op de side te litten. It wurd no neist :nl en :de ek al op :en in protte brûkt.
Miskien it ierdboltsje ferfange troch de tekst koördinaten? Theun 15 aug 2007, 17.05 (CEST)[beäntwurdzje]
Op himsels net sa'n grut ferskil. Dochs sjocht it der foar it each wol moai strak út mei sa'n ierdboltsje. Is der ek earne in plak dêr't dy koördinaten te finen binne? No binne der plakken mei en sûnder koordinaten.Swarte Kees 15 aug 2007, 17.16 (CEST)[beäntwurdzje]

Plak fan de koördinaten

[boarne bewurkje]

Sûnt in pear moanne steane de koördinaten net mear kreas boppe oan, mar ûnderoan de side. Neffens my hat dit te krijen mei it oergean nei it nije sêft guod inkele moannen lyn. Hoe krije wy soks wer tebek op it plak dêr't it stean moat?

Is dat sa? --Geoffrey 14 des 2010, 21.30 (CET)[beäntwurdzje]
Sjoch bygelyks Aldeberkeap en Guyana ûnderoan de side. J'88 14 des 2010, 21.43 (CET)[beäntwurdzje]
By my steane de koördinaten altiten ûnderoan, krekt wêr't dy opnaam binne. Dat is my ek folle leaver as earne boppe-oan de side: At dy koördinaten sa wichtich binne, dan hienen dy yn ús tekst moatten, foar de kaarten ek sa, mar fral dat wy at de koördinaten boppe-oan steane der wis fan wêze kinne dat dy spul krije mei it websteeberjocht, en oare saken dy't boppe-oan delset wurde. Hoe ek moatte dy koördinaten fansels op in goed stee op de side opnaam wurde. At it yn de foarbylden nuver liket, dan seit dat dat dat dêr faaks net dien is, mar der soe altiten rekken holden wurde moatte mei sitewaasjes dêr't hja wier op dat stee by ôfbylde wurde.
Mar lykas sein yn de troch Theun oanhelle diskusje: Dit docht gewoan tefolle tagelyk. Fansels, at wy koordinaten en keppeling perfoarst boppe-oan hawwe moatte, dan wie earder it prebleem dat wy op in protte siden gjin boks hienen om dat yn te setten. No't der doarps- en oare berjochten bykaam binne soe dat al in oplossing wêze; om it even at der dan noch in wrâldboltsje bymoat as net. Aliter 15 des 2010, 03.07 (CET)[beäntwurdzje]
Nuver by my steane de koördinaten noch hieltyd boppe oan de side. Tink dat it mei de ynstellings te krijen hat --Geoffrey 15 des 2010, 10.36 (CET)[beäntwurdzje]
Dan sil ik ris nei de ynstellings sjen.
Oan Aliter. De koördinaten stienen earder rjochts boppe oan de side, yn it lyts mei in lyts ierdboltsje derby. Ik ha dat leaver, omdat ik graach ris sjen wol wêr't in plak of berch leit. J'88 15 des 2010, 14.20 (CET)[beäntwurdzje]
Ja, dat wit ik. Sa fier ik wit sit dat wrâldboltsje allinnich yn it Monoboek.oansjen. Faaks, at jo nea in oansjen ynsteld hawwe, is it oansjen dat jo brûke, by de yntroduksje fan fektor dêrhinne feroare. Mar fansels, at jo fan de side net gewaar wurde kinne wêr't eat leit, dan mist der ynformaasje fan dy side; dêr hawwe wy net in keppeling om utens foar nedich. En dat boltsje boppeoan stiet grif yn it paad, krekt as it laitsjende antlit op Kening syn siden. At dy koördinaten en keppeling sa wichtich binne, dan hienen wy der mear oan at dy tafoegd waarden oan lokaasjeboksen. Dan binne wy der wis fan dat it allegear yn de ynhâld fan de side past. Aliter 15 des 2010, 19.51 (CET)[beäntwurdzje]
Is it ek mooglik om dit sjabloan sa oan te passen dat de Koördinaten standert rjochts boppe komme te stean?

Update the template for more features

[boarne bewurkje]

Hello, you may have heard in the news that recent features let users Go on a Wikipedia scavenger hunt with Wikipedia Nearby. For those features to work, however, you need templates like this to give MediaWiki the coordinates using the GeoData syntax.
In short, I suggest you to copy or adapt the last code of w:en:Template:Coord, with w:en:Module:Coordinates etc. If you need help, you can probably ask en.wiki users. Nemo 10 jun 2013, 16.41 (CEST)[beäntwurdzje]