Berjocht:Tema:Skiednis fan Fryslân/Side fan de moanne/juny
Appearance
Audulf of Audwulf, (Latynsk: Audulfus) wie in Fryske kening út it tiidrek fan it Grutte Folkeferfarren (om-ende-by 600). It grûngebiet dêr't dizze kening hearske hat, lei mooglik yn it sintraal rivieregebiet fan Nederlân. De skreaune boarnen jouwe gjin ynformaasje oer dizze foarst, mar der binne wol gouden munten fûn fan dizze kening dêr't syn namme en “Frisia” op stiet.