Berjocht:Side fan de wike 2022/wike 40
Gregoarius VII (tusken 1025 en 1030 berne yn Sovana; ferstoarn 25 maaie 1085 yn Salerno) wie in Italjaansk biskop dy't fan 22 april 1073 oant 1085 paus fan Rome wie. Fanwegen de grutte betsjutting fan Gregoarius VII foar de herfoarmings yn de 11e-iuwske Roomsk-Katolike Tsjerke, dy't letter de 'Gregoriaanske Herfoarming' neamd waard, jildt er as ien fan de wichtichste, mar ek al yn syn tiid ien fan de kontroversjeelste pausen út de skiednis. Paus Gregoarius VII stried foar de frijheid fan de Tsjerke en sette it yn 'e kant tsjin it religieuze ferfal en de macht fan de adel oer tsjerklike funksjes.
In oare strider tsjin misstannen yn de tsjerke, Petrus Damiani, dy't yn deselde tiid libbe as Gregoarius, beskreau him mei in soad wurdearring mar tagelyk ferwitend as de "hillige Satan", de "tuchtroede fan God" en it "Hellefjoer", en ferlikene him mei in tiger, liuw of in ferskuorrende wolf. Neffens Damiani wie elts ferset tsjin paus Gregoarius yn 't foar om 'e nocht.
It pontifikaat fan Gregoarius VII duorre tolve jier en in moanne.