Berjocht:Side fan de wike 2014/wike 39
Appearance
Hammûraby (Akkadyske foarm fan it Amorityske ˤ Ammurāpi, "besibbe genêzer", ôflaat fan ˤ Ammu, "besibbe oan heitekant", en Rāpi, "genêzer"), ± 1795 - 1750 f.Kr. wie de seisde kening fan Babylon. Hy waard as Amoryt de earste kening fan it Ald Boabyloanyske Ryk. Troch in rige oarloggen tsjin de oanlizzende keninkriken te winnen, slagge hy deryn de kontrôle fan Babylon oer Mesopotaamje út te wreidzjen. Hoewol't syn ryk hiel Mesopotaamje kontrolearre op it momint fan syn ferstjerren, wienen syn opfolgers net by steat om dat ryk by ien te hâlden. Hammûraby stiet bekend om syn wetten, dy't oerlevere binne yn de saneamd Kodeks Hammûraby, en dy't ien fan de earste skriftlike kodifikaasje yn de skiednis wie.