Berjocht:Side fan de moanne/jannewaris 2010
Appearance
De Romeinske histoarikus Publius Kornelius Tasitus wie de earste skriuwer dy't ferslach die oer in Germaanske folk dy't hy de Frisii neamde en dêr't de Friezen nei ferneamd binne. Troch syn boek De origine et situ Germanorum ofwol 'Germanen' kaam in ein oan de prehistoarje fan Fryslân. Fan de Romeinske histoarisy wurdt er sjoen as de grutste. Hy skriuwt oer de keizers en machthawwers fan syn tiid mar ek oer persoanen fan minder belang en jout dêrmei in prachtich ynsjoch yn it libben fan syn tiid. Lês fierder...