Berjocht:Portaal:Prehistoarje/Ynlieding
Appearance
Prehistoarje
De prehistoarje (« foar-skiednis ») is in tiidrek út de skiednis fan de minske dêr't gjin skriftlike dokuminten fan oerlevere binne. Alde kultueren wurde dochs prehistoarysk neamd as harren skrift net ûntsifere wurde kin of weirekke is.
De prehistoarje begjint mei it ferskinen fan it stiennen ark (stientiid). De ein fan de prehistoarje ferskilt tige troch de grutte regionale ferskillen yn it ferskinen fan skriftlike dokuminten. Lês fierder...