Berjocht:Tema:Fryslân/Side fan de moanne/April
Appearance
(Trochferwiisd fan Berjocht:Portaal:De Fryslannen/Side fan de moanne/april)
It Noard-Frysk is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Sealterfrysk foarmet it de Fryske taalgroep. Der binne likernôch 10.000 minsken yn it Deensk-Dútske grinsgebiet dy't it Noard-Frysk as memmetaal ha. It Noardfrysk hat in plak op de Noardfryske eilannen krigen om 800 hinne, doe't de eilannen troch in weach fan Friezen fan it suden út kolonisearre waarden. It fêste lân waard lykwols nei alle gedachten earst Frysktalich yn in nije weach om 1100 hinne. Lês fierder...