Berjocht:CC by-sa/2.0
Appearance
De folsleine tekst fan 'e wetlike linsinsje-oerienkomst kinne jo fine op https://creativecommons.org/licenses/by-sa/2.0/legalcode.
Hjirûnder folget in ferienfâldige gearfetting fan dy oerienkomst yn algemien taalgebrûk (dat oars as de eigentlike oerienkomst juridysk net binend is).
Jo meie
- dit ôfbyld kopiëarje, ferspriede en publisearje, en ek
- dit ôfbyld oanpasse en bewurkings fan dit ôfbyld fermannichfâldigje en iepenbier meitsje,
salang't jo mar oan 'e folgjende betingsten foldogge:
- Nammefermelding: Jo moatte de makker of rjochthawwende fermelde, en oanjaan wat jo oan it ôfbyld feroare hawwe (ynsafier't jo der wat oan feroare hawwe). Hoe't jo dy fermelding krekt staljouwe, is oan jo, mar jo meie it net dwaan op in manear dy't suggerearret dat de makker of rjochthawwende it iens is mei jo eventuele bewurkings fan it ôfbyld.
- Gelikensfersprieding: As jo dit ôfbyld bewurkje, feroarje of derop fuortbouwe, moatte jo it resultearjende wurk ferspriede ûnder deselde of in ferlykbere linsinsje as it orizjinele ôfbyld.
- Linsinsjewerjefte: Jo moatte oan oaren alle regels fan 'e jildende linsinsje-oerienkomst meidiele. Dat kin it maklikst troch in keppeling nei de boppeneamde linsinsje-oerienkomst ta te foegjen.