Berend Alring

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 nov 2010 om 00.02 troch Swarte Kees (oerlis | bydragen) (nnbw)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Berend Alring, ( Leer, ± 1755 - Snits, 3 jannewaris 1824), wie steatelid en boargemaster fan Snits.

Soan fan Harmen A. en Grietje Waima, wynhanneler, mennist, troud mei Hinke Bakker, wie fan 1814-1822 boargemaster fan Snits, en fan 1814-1823 lid fan de Steaten fan Fryslân. Fan him is yn de Provinsjale Bibleteek fan Ljouwert in hânskrift mei de titel: Nieuwe en opsigtelijk voetmaat en coupletten juiste vertaling van C.F. Gellerts Geestelijke Oden en Liederen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: