Berber (namme)

Ut Wikipedy

Berber is in Fryske famkesnamme. It is in ferbastering fan it Grykske Barbara, dat safolle betsjut as 'frjemdlinge' of 'immen dy't in net-Grykske, ûnfersteanbere taal sprekt'.[1] Dizze namme komt sadwaande fan deselde woartel as it wurd 'barbaar' en ek de folksnamme fan 'e Berbers fan Noard-Afrika, dy't sa neamd binne om't de âlde Griken harren as barbaren beskôgen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Haan, Rienk, Fryske foarnammen, Ljouwert, 2002 (Fryske Akademy/Friese Pers Boekerij), ISBN 9 03 30 11 506, s. 36/37.