Benediktus XVI
Benediktus XVI | ||
kristlik lieder | ||
Paus Benediktus XVI | ||
amt en titulatuer | ||
amt | Paus (oant en mei 2013) | |
tsjerke | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | bisdom Rome | |
sit | Hillige Sit | |
amtsperioade | 2005 – 2013 | |
foargonger | Jehannes Paulus II | |
opfolger | Fransiskus | |
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Dútsk | |
bertedatum | 16 april 1927 | |
berteplak | Marktl am Inn | |
stjerdatum | 31 desimber 2013 | |
stjerplak | Fatikaanstêd |
Paus Benediktus XVI (berne as Joseph Ratzinger, Marktl am Inn (Beieren), 16 april 1927 - Fatikaanstêd, 31 desimber 2022) wie oant syn ferkiezing ta paus, de prefekt fan de kongregaasje foar de leauwenslear (de eardere ynkwisysje), presidint fan de pauslike bibelkommisje en presidint fan de ynternasjonale teologenkommisje en deken fan it kolleezje fan kardinalen. Hy waard preester op 29 juny 1951.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn heit wie plysje en stamme út in tradisjonele famylje fan lânbouwers. Joseph Ratzinger brocht syn jonge jierren troch yn Trainstein. Hy waard ferplichte om yn 'e Twadde Wrâldkriich yn it leger te gean. Hy moast by it loftôfwargeskut stean mar hy desertearre. Fan 1946 oant 1951, it jier wêryn't hy preester waard, studearre er filosofy en teology oan de universiteit fan München en de hegeskoalle yn Freising. Yn 1953 promovearre hy yn de teology mei it proefskrift: It folk en it hús fan god neffens de lear fan Sint Augustinus, oer de tsjerke. Fjouwer jier letter waard hy dosint oan de universiteit. Hy dosearre dogmatyk en teology oan de hegeskoalle foar filosofy en teology yn Freising.
Yn 1962 is er op 35-jierrige leeftyd by it Twadde Fatikaansk konsylje teologysk adviseur fan de aartsbiskop fan Keulen, kardinaal Joseph Frings. Dêrnei publisearre er withoefolle teologyske wurken.
Yn maart 1977 is er troch Paus Paulus VI beneamd as aartsbiskop fan München en Freising. Syn biskopswijing folge op 28 maaie 1977. Yn 1977 hat Paus Paulus VI him beneamd as kardinaal.
Op 25 novimber 1981 beneamde Paus Jehannes Paulus II him ta prefekt fan de Kongregaasje fan de leauwenslear en foarsitter fan de pauslike bibelkommisje.
Op 19 april 2005 is hy as paus keazen en hat de namme Benediktus XVI oannommen.
Abdikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Benediktus joech 28 febrewaris 2013 om 20.00 oere it amt oer. Sûnt hat er de titel 'paus emeritus'. Op 31 desimber 2022 komt paus Benedictus XVI yn 'e âldens fan 95 jier te ferstjerren.
Publikaasjes of ensyklyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Deus Caritas Est (2006), oer eros en agape, de ferskillende foarmen fan leafde
- Spe salvi (2007), oer de hope
- Caritas in Veritate (2009), sosjale ensyklyk oer de folsleine minsklike ûntjouwing yn leafde en wierheid
Bibliografy (Nederlânsk)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De toekomst van het geloof. Een eerlijke probleemstelling, 1971, 112 s., Lannoo - Tielt
- Zout der aarde, christendom en de Katholieke Kerk aan het einde van het nieuwe millennium / Kardinaal Joseph Ratzinger; een gesprek met Peter Seewald (fertaling dan Salz der Erde), 1997, 279 s., Ten Have - Baarn, ISBN 90-259-4712-3
- De kern van ons geloof (fertaling fan Einführung in das Christentum), 2006 (earste druk 1970), 270 s., Lannoo - Tielt, ISBN 978-90-209-6645-9
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Biografy op de websise fan it Fatikaan (in)
- Paus Benedictus XVI op www.catholic-hierarchy.org
- Portret by de NOS
- Dossier fan de NOS oer de ynstallaasje fan Benedictus XVI
- Dossier oer dizze paus fan de feriening Ecclesia Dei Delft, dy't krewaerret foar de Tridentynske liturgy
- Benedictus XVI TV. Paus fideo
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Benedictus XVI fan Wikimedia Commons. |