Springe nei ynhâld

Bemmelske Dweildei

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bemmelse Dweildei)
Bemmelske Deildagen 2011
Bemmelske Deildagen 2011
Bemmelske Deildagen 2011

De Bemmelske Dweildei is in festival foar dweilorkesten, dy't sûnt 1986 jierliks hâlden wurdt yn Bemmel (gemeente Lingewaard) op de twadde snein yn juny. De dweildei testet ûngefear 110 dweilorkesten dy't op 14 poadia optrede kinne. Dit festival lûkt sa'n 2000 muzikanten en 40.000 besikers.

De Bemmelske Dweildei is it grutste dweilevenemint yn Nederlân mei in groeiend oantal bûtenlânske acts.

Ferskate klassen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar alle dweilorkesten dy't nei Bemmel kommen, stiet wille meitsje foarop. In soad orkesten wolle dêrneist yn in freonskiplike sfear in wedstriid mei elkoar oangean, op it mêd fan repertoirekeuze, muzikaliteit en show. Om oan beide behoeften temjitte te kommen hat de Stichting Bemmelske Dweildag keazen foar in twapoatige opset: leut- en wedstriidklasse, mei dêryn de kategoryen:

Leutklasse
De orkesten yn dizze klasse lûke allinnich foar de gesellichheid muzykmeitsjend oer it festival. Nimmen spilet foar in priis, hoewol'der in soad prizen weijûn wurde.
Wedstriidklasse
Orkesten dy't har graach presintearje wolle foar in deskundige sjuery en har mjitte wolle oan kollega-orkesten, dogge mei foar de titel "Algemien Nederlânsk Kampioen Dweilorkesten".
Meidenklasse
As der minimaal fiif frouljusorkesten ynskreaun steane, stride dy om de titel "Nederlânsk Kampioen Meidendweilorkesten".
Jeugdklasse
Dielnimmers fan 16 jier of jonger stride, by genôch oanmelding fan minimaal fiif, om de titel "Nederlânsk Kampioen Jeugddweilorkesten".
  • 2015: Algemeen: Utlopers (Snits) Muzikaal: Utlopers (Snits) Show: Utlopers (Snits).
  • 2014: toeter nog maar 1
  • 2013: Algemien: Dweilorkest De Menaemer Feintsjes (Menaam); Muzikaal: De Eierjongens (Winterswyk); Show: Dweilorkest de Menaemer Feintsjes (Menaam)
  • 2012: Algemien: Deurdweilers (Angeren); Muzikaal: Utlopers (Snits); Show: Deurdweilers (Angeren)
  • 2011: Alarmfase 3 (Bemmel)
  • 2010: Alarmfase 3 (Bemmel)
  • 2009: Menaemer Feintsjes (Menaam)
  • 2008: Deurdweilers (Angeren)
  • 2007: Deurdweilers (Angeren)
  • 2006: Stadse Blaozers (Willemstêd)
  • 2005: Stadse Blaozers (Willemstêd)
  • 2004: Stadse Blaozers (Willemstêd)
  • 2003: Lithe Bloas (Sweden)
  • 2002: Neutebloazers (Diemen)
  • 2001: Plekbend (Hilvarenbeek)
  • 2000: Stadse Blaozers (Willemstêd)
  • 1999: Stadse Blaozers (Willemstêd)
  • 1998: Stadse Blaozers (Willemstêd)
  • 1997: Notenkrakers (Zevenbergen)
  • 1996: Notenkrakers (Zevenbergen)
  • 1995: Notenkrakers (Zevenbergen)
  • 1994: Notenkrakers (Zevenbergen)
  • 1993: Valleibloazers (Amersfoort)
  • 1992: 't Is Niks en t Wurt Niks (Sittard)
  • 1991: Valleibloazers (Amersfoart)
  • 1990: Valleibloazers (Amersfoart)
  • 1989: Blaanke Blazers (Oldenzaal)
  • 1988: Blaanke Blazers (Oldenzaal)
  • 1987: Joekels (Boxmeer)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: