Belinda Meuldijk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Belinda Meuldijk yn 2007 (foto Roel Wijnants)
Belinda Meuldijk (1980)

Belinda Meuldijk (Oostvoorne, 7 jannewaris 1955) is in Nederlâns aktrise en tekstskriuwer.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meuldijk, dochter fan Wim Meuldijk, de skriuwer fan Pipo de Clown, waard bekend by it grutte publyk troch de rol fan Esther yn de film Soldaat van Oranje.

Yn 1979 naam se in plaatsje op titele "The Last Disco". De single waard gjin hit.

As tekstskriuwer hat hja in soad bydroegen oan it repertoire fan Rob de Nijs mei wa't sy troud wie fan 1984 oant 2005. Yn de jierren '80 en '90 wurke sy in protte gear mei komponist en arranzjeur Gerard Stellaard. Meuldijk skreau ûnder oaren De Nijs syn hits "Hou me vast" (1981), "Alles wat ademt" (1985) en "Banger hart" (1996).

Yn 1997 hie Belinda Meuldijk in rol yn de tv-soap Goede tijden, slechte tijden, mar nei in pear ôfleverings wie se al wer út de searje wei.

Meuldijk set har al jierren yn foar bisten, benammen foar Peoples Animal Welfare Society (PAWS). Sy makker dêr fjouwer films oer dy't troch de TROS útstjoerd waarden. By de Europeeske ferkiezingen yn 2004 en de Twadde Keamerferkiezingen fan 2006 wie hja listtriuwer fan de list fan de Partij voor de Dieren.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]