Befrijingsbeam (Snits)
Appearance
De Befrijingsbeam is in monumint ta herinnering oan de befrijiing troch en de fal fan alliearde Kanadeeske soldaten yns de befrijing fan de stêd Snits.
Monumint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beam stiet in de Beammebuert oan de Iperenleane en is krekt ien jier, te witten op 15 april 1946, nei de befrijing fan de stêd plante. It monumint bestiet út in eskdoarn, mids in sierlik smeiïzeren stek mei eskdoarnblêden en in tinkplaatsje.
De eskdoarn is spesjaal keazen, ommers de Maple Leaf (eskdoarnblêd) is it nasjonale symboal fan Kanada.
It stek is pas in jier letter, yn 1947, om it monumint setten en is makke troch learlingen fan de Ambachtsskoalle. It ûntwerp fan it monumint komt fan de hân fan G.N. Manak.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|