Springe nei ynhâld

Beand Baas en Smarige Skep

Ut Wikipedy

Beand Baas en Smarige Skep, letter Beand en Skep is (sûnt 2005) in Frysk rapduo en bestiet út Berend Visser (1986) en Klaas Jansma (1988). Berend Visser (Beand Baas) is 'frysktalige wurdsjesmieger' of 'rapper' en Klaas Jansma (Smarige Skep) docht de sang. It duo krige by har optredens by de Kunstbende in soad oandacht. Se einigen yn de kategory Muzyk by de lêste trije en mochten sadwaand e nochris optrede yn it Bolwerk yn Snits. Harren grutste hit wie Wachtsje op foarútgong (maart 2006), oer it minne kultuerbelied fan de gemeente Smellingerlân yn Drachten. Met dit nûmer brutsen se begjin 2006 troch op The Box en TMF. Hja rappe sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk.

Beand Baas komt fan de Ingelstalige hip-hop groep V.I.A. Yn dizze groep sitte ûnder oare ek Siep Visser (Droeche-Skoeg) en Wieger Jansma (Wobbe) dy't ek faak dwaande binne mei Fryske hip-hop. Tegearre mei Smarige Skep dienen se ûnder oare it nûmer Lit my Weze.

  • 2008: Sa moai
  • 2007: Zomers gevoel
  • 2006: Wachtsje op foarútgong

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: