Beachrockers Festival
Beachrockers Festival | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
plak | Sint-Nyk | |
holden yn | De Ulesprong | |
tiid fan it jier | begjin july | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | muzykfestival | |
sjenre | popmuzyk | |
bestean | 2009 – no | |
org. troch | Stifting Beachrockers Festival | |
offisjele webside | ||
beachrockers.nl |
It Beachrockers Festival is in twadeisk muzykfestival dat elts jier op in freedtejûn en de dêropfolgjende sneon yn begjin july organisearre wurdt yn it Fryske doarp Sint-Nyk. It ûntlient de ferwizing nei it strân (beach) oan 'e lokaasje, yn it rekreaasjegebiet De Ulesprong, dat east fan Sint-Nyk oan 'e noardkant fan 'e Tsjûkemar leit. It Beachrockers Festival waard foar it earst holden yn 2009. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Stifting Beachrockers Festival, dy't anno 2018 ûnder lieding stie fan Sint-Nykster Gerrit Kooystra, better bekend as DJ Praia del Sol.
It Beachrockers Festival besiket elts jier in bekende Nederlânske muzikant of band te finen om op harren evenemint op te treden. Yn 2018 wie dat bygelyks de band Broederliefde. De organisaasje fan it festival, dêr't likernôch 150 frijwilligers by belutsen binne, begjint sân moannen yn 't foar al, as de artysten boekt wurde moatte.
Op 'e earste edysje, yn 2009, ferwachten de organisators in publyk fan sa'n 500 persoanen, mar der kamen tûzen man opsetten. Sûnt groeit it Beachrockers Festival elts jier wat. Yn 2018 wiene der op 'e freedtejûn 2.000 minsken, en op 'e sneon 6.000. De kaartsjes wiene de tiisdei foarôfgeande oan it festival al útferkocht, en der wie dus mear fraach as oanbod, mar de organisaasje woe net mear minsken talitte om't de foarsjennings (tagong fan 'e bar, húskes ensfh.) dêr net op berekkene wiene.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|