Springe nei ynhâld

Bassekou Kouyaté

Ut Wikipedy
Live-optreden yn 2008.
Bassekou Kouyate (links) en Ngoni Ba op it FMM Festival das Musicas do Mundo 2008

Bassekou Kouyaté (Garana, 1966) is in muzikant út Maly dy’t ferneamd waard as firtuoas Ngoni-bespiler en modernisearrer fan de muzyk fan de West-Afrikaanske Griots. Ngoni ba is de namme fan syn band.

Hy waard berne yn Garana, yn Barouéli Cercle, 60 kilometer fan Ségou.[1] Doe't er tolve jier wie sette er útein mei it bespyljen fan de Ngoni. Ein jierren 80 ferhuze er nei de haadstêd Bamako.[2]

Kouyaté syn album Segu Blue[3] waard 2007 ynternasjonaal útbrocht troch ‘’Out Here Records’’ . It album waard produsearre troch Lucy Duran.[2] Teffens hat er meidien op in tal platen fan Toumani Diabaté [2] en yn ferskate Europeeske lannen konserten jûn.[2]

Kouyaté syn frou, Ami Sacko, is ek muzikant en spilet yn syn band.[2] Syn heit Mustapha Kouyaté bespile de ngoni en mem Yagaré Damba wie in praise-sjongster.[1]

Yn 2013 ferskynde Kouyate, mei Amy Sacko and Ngoni ba, op The Proms.

  • Toumani Diabaté: Songhai (Nuevos Medios, 1989)
  • Toumani Diabaté: Djelika (Hannibal, 1995)
  • Ali Farka Touré: Savane (World Circuit, 2006)
  • Bassekou Kouyaté & Ngoni ba: Segu Blue (2007)
  • Bassekou Kouyaté & Ngoni ba: I speak Fula (2009)
  • Bassekou Kouyaté & Ngoni Ba: Jama ko (Out Here Records, 2013)
  • Bassekou Kouyaté & Ngoni Ba: Ba Power (Glitterbeat, 2015)
  • Bassekou Kouyaté & Ngoni Ba: Miri (Outhere Records, 2019)
  • 2008: Throw Down Your Heart, fan Sascha Paladino: as himsels
  • 2013: The Africa Express, fan Renaud Barret en Florent de La Tullaye: as himsels
  • 2016: Easy Man, fan Jasper Cremers en Dennis de Groot: as himsels
  • 2016: Mali Blues, fan Lutz Gregor: as himsels
  • 2008 - BBC3 Awards for World Music - Album fan it Jier & Afrikaansk Artyst fan it Jier.[4]
  • 2007: Tamani foar de beste fideoklip
  • 2010: Kora Award yn de kategory 'Bêste tradisjonele keunstner'

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Frank Bessem's Musiques d'Afrique: Bassekou Kouyate
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 Fly Global Music, Marc 10, 2007: Bassekou Kouyaté - Blue Like a River to a Desert
  3. Dacks, David’|title=Ngoni Hero Bassekou Kouyaté |work=Exclaim!. Maart 2010
  4. BBC3 Awards for World Music winners 2008