Springe nei ynhâld

Barok (stylperioade)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Barok (styl))
Foarbyld: De Hillige Trijefâldichheid troch Hendrick van Balen
Foarbyld:de Sabynske Fammerôf

De barok is in Jeropeeske stylperioade, dy't duorre fan de 17e iuw oant de earste helte fan de 18e iuw. Hy hie syn oarsprong yn Itaalje en utere him yn de arsjitektuer, túnarsjitektuer, skilderkeunst, byldhoukeunst, literatuer en muzyk. It wurd barok komt fan it Portugeeske barroco, wat 'ûnregelmjittich foarme pearel' betsjut. Men ûnderskiedt iere-, hege- en lettebarok.

Barok yn de boukeunst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De boukeunst út de barokperioade hat as skaaimerken: brûkme fan perspektyf en faak ovalen. Fierders:

  • ryk en wielderich materiaalbrûkme;
  • asymmetry;
  • yngewikkelde patroanen;
  • faak gebrûk fan fersiersels;
  • goddelike ûnderwerpen
  • brûkme fan konkaaf en konveks.

Barok yn de Skilderkeunst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skaaimerken:

  • ekstreem realisme;
  • dramatyske effekten;
  • sterke ljocht-tsjuster kontrasten, clair-obscure
  • in soad gefoel (op gesichten)
  • faasje en beweging en drok-kringeljende figueren;
  • berekkene djiptewurking;
  • diagonalen.

Barok yn de muzyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fierders waard brûk makke fan:

Yn de 19e iuw kriget de barok opnij omtinken en komt in neo-barokke styl op.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]