Bakelske Aa
Appearance
De Bakelske Aa of Bakelsche Aa is in sydstream fan de Aa dy't ûntstiet by de gearrin fan de Alde Aa en de Kaweiske Loop.
De kanalisearre stream hat mar in langte fan fiif kilometer en rint troch it natuergebiet Bakelske Beemden en benoarden fan de Helmondske nijbouwyk Dierdonk. Eartiids kaam er yn de Nije Aa út, mar sûnt 1993 mûnet er streekrjocht yn de omleide Súd-Willemsfeart út.
De Bakelse Aa is de gemeentegrins tusken Helmond en Gemert-Bakel. Foar 1832 waard de namme Bakelse Aa brûkt foar de hiele stream de Vlier, dy't fia de Kaweiske Loop de hjoeddeistige Bakelske Aa foarmet.
Der binne plannen om in part fan de Bakelske Aa syn oarspronlike rin werom te jaan.