Springe nei ynhâld

Bad Muskau

Ut Wikipedy
Bad Muskau
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Saksen
lânkring Görlitz
Sifers
Ynwennertal 3.685 (31.12.2023)
Oerflak 15,38 km²
Befolkingsticht. 240 ynw./km²
Hichte 110 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 02953
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 51°33' N 14°43' E
Offisjele webside
www.badmuskau.de
Kaart
Bad Muskau (Saksen)
Bad Muskau

Bad Muskau (Sorbysk: Mužakow), oant 1961 Muskau, is in lytse Saksyske stêd yn 'e Dútske lânkring Görlitz. It stedsje falt ûnder it Sorbyske Delsettingsgebiet (Sorbisches Siedlungsgebiet) en leit yn it meast noardeastlike diel fan 'e lankring oan 'e Lausitzer Neisse en oan 'e grins fan Poalen en de dielsteat Brandenburch.

Bad Muskau sels is hjoed-de-dei in erkend feankuerplak.

Muskau ûnstie yn 'e 13e iuw op it plak fan in Slavyske festing as hannelsplak oan 'e Neisse. Yn 'e lettere jierren 1240 waard it plak foar it earst Muschowe en Muzcowe neamd.

Tsjin 'e ein fan 'e Twadde Wrâldkriich rekke Muskau swier ûnder artilleryfjoer fan 'e optsjende Sovjettroepen en troepen fan it 2e Poalske leger. In Sovjetmonumint betinkt de gefjochten fan 'e ein fan 'e oarloch. Muskau waard mei útsûndering fan it riedshûs en de stedstsjerke, de Wendyske Sint-Andréastsjerke, foar it grutste part wer opboud. Fan 'e stedstsjerke wiene allinne de bûtenmuorren bewarre bleaun, de ruïne waard yn april 1959 opblaasd.

As in gefolch fan it op 'e nij tekenjen fan 'e lânsgrinzen by de Oder-Neisse lâns kamen nei de oarloch de eastlik fan 'e Neisse lizzende stedsdielen (mei ek it grutste part fan it Pückler Park) yn Poalen te lizzen. Dy gebieten foelen tenei ûnder de Poalske gemeente Łęknica (Lugknitz). De kadastrale gebieten fan it earder ûnder Bad Muskau fallende doarp Lugnitz oan 'e lofter kant fan 'e Neisse bleaune by Muskau.

Bad Muskau is oer de hiele wrâld bekend troch it troch de lânskipsarsjitekt foarst Hermann von Pückler-Muskau oanleine en it letter nei him ferneamde Fürst-Pückler-Park – in unyk parklânskip yn 'e Ingelske lânskipsstyl.

Wylst yn Muskau it Dútsk gongber wie, prate de befolking yn likernôch 14 doarpen om Muskau hinne noch lang it Muskauer dialekt, in oergongsdialekt fan 'e Boppe- en Nedersorbyske talen. It Muskauer dialekt is hjoed-de-dei útstoarn en de Sorben foarmje mar in hiel lyts diel fan 'e hjoeddeiske befolking yn Bad Muskau. Offisjeel is it Sorbysk de twadde offisjele taal fan Bad Muskau, mar dat is allinne fan teoretyske betsjutting.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bad Muskau fan Wikimedia Commons.