Springe nei ynhâld

Fûnskatalogus

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Backlist)

In fûnskatalogus (of yn it Ingelsk in backlist) is in list fan âldere boeken fan in útjouwerij (wêrfan't dy útjouwerij de útjourjochten noch yn besit hat), yn tsjinstelling ta nij-útkommen titels.

It opbouwen fan in sterke fûnskatalogus wurdt tradisjoneel beskôge as dé manier om in winstjaande útjouwerij te krijen. Foar de boeken dy't diel útmeitsje fan sa'n fûnskatalogus binne de wichtichste kosten ommers al betelle, en de iennichste ûnkosten dy't dan noch oerbliuwe binne de priis fan it werprintsjen en de royalties dy't ôfdroegen wurde moatte oan 'e auteur. Neffens in artikel yn 'e krante de New York Times soene werprintingen út 'e fûnskatalogussen tsjintwurdich 25% oant 30% fan 'e ynkomsten fan 'e gemiddelde útjouwerije omfiemje. In bykommend foardiel by sokke útjeften is dat fanwegen eardere printingen frij akkuraat bepaald wurde kin hoefolle eksimplaren ferkocht wurde sille, en dat de omfang fan 'e werprintinge dêr dan oan oanpast wurde kin, sadat der net in protte ûnferkochte eksimplaren lizzen bliuwe sille. By nije titels leit dat hiel oars; dêr is it altyd mar wer ôfwachtsjen oft se oanslaan sille.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.