Tampabaai

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Baai fan Tampa)
Tampabaai
De haven fan Tampa oan 'e Tampabaai
De haven fan Tampa oan 'e Tampabaai
geografy
type wetter baai
lokaasje westkust fan it
   Floaridaskiereilân
lân Feriene Steaten
steat Floarida
koördinaten 27°45′45″N 82°32′45″W
ûnderdiel fan Golf fan Meksiko
sifers
maks. lingte 60 km
maks. breedte 25 km
oerflak 1.000 km²
djiptegemiddelde 3,7 m

De Tampabaai of Baai fan Tampa (Ingelsk: Tampa Bay), is in baai oan 'e westkust fan it Floarida-skiereilân, dy't diel útmakket fan 'e Golf fan Meksiko. Dit wetter hat in oerflak fan rom 1.000 km². It djiptegemiddelde is mar 3,7 m, en de boaiem bestiet út slib en sân. Op it breedste punt mjit dit wetter likernôch 25 km fan east nei west, en op it langste punt sa'n 60 km fan noard nei súd.

De Tampabaai op in satellytfoto, mei alle dielen oanjûn.

De Tampabaai foarmet in natuerlike haven, dy't fan 'e iepen see fan 'e Golf fan Meksiko ôfskutte wurdt troch in lyts skiereilantsje dat út it noarden wei by de westkust fan Floarida útstiket nei it suden. It diel fan 'e baai dat yn kontakt stiet mei de iepen see, wurdt de Neder-Tampabaai neamd. Fierder it lân yn, op nei it noardeasten, giet dy oer yn 'e Midden-Tampabaai. Noardlik fan 'e Midden-Tampabaai lizze twa lytsere baaien dy't faninoar skaat wurde troch in út it noarden wei útstykjende lântonge. De lytse baai westlik dêrfan hjit de Alde Tampabaai, dy eastlik derfan is de Hillsborobaai. Oan 'e noardeastlike kust fan dat lêste wetter befynt him in noch wer lytser baaike, dat de McKaybaai hjit.

It gebiet om 'e Tampabaai hinne is tichtbefolke, mei't har oan 'e natuerlike haven ferskate grutte stêden ûntjûn hawwe. Der wenje sa'n 4 miljoen minsken, wêrfan 350.000 yn 'e stêd Tampa, oan 'e eastkust fan 'e Midden-Tampabaai en de Hillsborobaai, en 245.000 yn St. Petersburg, dat oan 'e westkust fan 'e Midden-Tampabaai en de Alde Tampabaai leit, op 'e súdlike útein fan it skiereilân dat de Tampabaai fan 'e Golf fan Meksiko skiedt. Oare grutte plakken dy't diel útmeitsje fan 'e stêdekloft fan Tampa, binne Clearwater, Lakeland, Plant City en Largo.

Ferskate brêgen oerspanne (dielen fan) de Tampabaai, lykas de Sunshine Skyway Brêge, út 1954, oer de mûning fan 'e baai hinne, en de Howard Frankland Brêge, út 1960, oer de Alde Tampabaai hinne. Foarhinne wrimele de Tampabaai fan floara en fauna, mar troch de grutte befolkingstichtens fan it gebiet is de natoer der sûnt de 1950-er jierren sterk ûnder druk kommen te stean. Sûnt de ein fan 'e 1980-er jierren hawwe de ferskate oerheden yn it gebiet dêrom war dien om 'e effekten fan 'e minsklike bewenning safolle mooglik te beheinen, en dêrtroch is û.m. de wetterkwaliteit fan 'e baai der stadichoan op foarút gien. Dat is net inkeld yn it belang fan planten en bisten, mar ek fan 'e minsklike bewenners, mei't de ekonomy fan it gebiet om 'e Tampabaai hinne sterk linet op it toerisme.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.