Springe nei ynhâld

ALMA Award

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan BRAVO Award)
ALMA Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar muzyk, tillefyzje en film
útrikt troch National Council of La Raza
frekwinsje 1x jiers
datum septimber/oktober
plak Los Angeles (Kalifornje)
ynsteld 1987
1e útrikking 1987
offisjele webside
www.almaawards.com

De ALMA Awards of American Latino Media Arts Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier by in seremoanje yn Los Angeles of in foarstêd dêrfan útrikt wurde ta erkenning fan 'e bêste bydragen troch of oer Latino's oan 'e Amerikaanske muzyk, tillefyzje en film. De bedoeling fan dizze prizen is om 'e earlike portrettearring fan Latino's yn 'e Amerikaanske kultuer te befoarderjen. De namme is in backronym (in akronym wêrby't men begûn is mei de letters en der doe in passende betsjutting foar betocht hat): alma is Spaansk foar "siel".

De ALMA Awards binne oprjochte troch de National Council of La Raza, en waarden yn 1987 foar it earst útrikt doe't se noch de BRAVO Awards hieten. Yn 1995, doe't de útrikkingsseremoanje foar it earst útstjoerd waard troch de grutte lanlike tillefyzjestjoerder Fox, waarden de prizen omneamd ta de hjoeddeistige namme. Fan 1998 oant 2009 waard de seremoanje útstjoerd troch ABC, wêrnei't konkurrint NBC de útstjoering yn 2011 en 2012 fersoarge en MSNBC der yn 2013 mei fierder gie. Yn 'e oergongsjierren 1997 en 2010 sloegen de ALMA Awards in jier oer.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.