Springe nei ynhâld

BBW

Ut Wikipedy
Yn de skilderingen fan Rubens is ek in foarkar foar mûtele froulju te sjen.

BBW is in ôfkoarting dy’t stiet foar Big Beautiful Women (Ingelsk foar "Grutte Kreaze Froulju"). It wurd waard yn 1979 betocht, doe’t Carole Shaw harren BBW Magazine foar ‘t earst útbrocht yn de Feriene Steaten as in tydskrift foar grouwere froulju. Dêrnei waard it begryp troch de saneamde Fat Acceptance-beweging oernommen, dy’t him tsjin de diskriminearring fan minsken mei oergewicht engazjearret. It begryp soe it selsfertrouwen fan dikkere froulju grutter meitsje moatte.

Filmprodusint en BBW-aktivist Kira Nerusskaya.

Lykwols hawwe ynternet en seksyndustry de ôfkoarting oernommen as konnotaasje foar grutte moaie neakene froulju. Op de ôfkoarting binne ferskate farianten betocht, bygelyks de ôfkoarting 'Super Sized Big Beautiful Women' (SSBBW) foar froulju dy’t noch mear oergewicht hawwe.

De krekte definysjes fan in BBW of SSBBW binne lykwols tige subjektyf. Oft BBW of farianten dêrfan in foarm fan seksueel fetisjisme binne is net dúdlik.