Springe nei ynhâld

Piloat

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Aviateur)
Piloaten yn in Boeing 777.

In piloat is in persoan dy't aktyf en direkt in fleanend fleantúch of loftskip bestjoerd. Dizze term is in lienwurd út it Ingelsk (pilot), dêr't it fan oarsprong de betsjutting fan loads hie. Dy Ingelske oantsjutting kaam wer fan it Nederlânske peillood ("peillead"), dat eartiids foar loadsen in ûnmisber stik ark wie.

Yn it gefal fan loftfeartpioniers wurdt ynstee fan piloat ek wol de term fleander brûkt of hiel selden aviateur, en yn 'e boargerloftfeart wurdt soms ek wol sprutsen fan in ferkearsfleander. De term 'piloat' wurdt ek brûkt foar de bestjoerder fan in romtefartúch lykas de Space Shuttle. De piloat ûnderskiedt him dan fan 'e oare astronauten oan board troch it romtefartúch wier te bestjoeren, krekt sa't in piloat yn in fleantúch him (of har) op datselde mêd fan 'e rest fan 'e bemanning ûnderskiedt.

As men romtefartugen en loftskippen bûten beskôging lit, kinne piloaten yn twa haadkategoryen ûnderbrocht wurde, nammentlik militêre piloaten en boargerpiloaten. Militêre piloaten kinne noch wer fierder ûnderferdield wurde yn strieljagerpiloaten (of foarhinne jachtfleantúchpiloaten), bommesmiterpiloaten, transportpiloaten en testpiloaten.

Amerikaansk piloat fan in F-16.

Yn 'e boargerloftfeart wurde lytse privee-fleantúchjes troch ien piloat bestjoerd, mar grutte ferkearsfleantúgen hawwe der twa, in gesachfierder (of captain) en in ko-piloat of earste ofsier (first officer of co-pilot). Op lange ôfstannen (long haul) komt it wol foar dat der ek noch in trêde en soms in fjirde piloat meigeane, dy't dan oantsjut wurde as twadde ofsier (second officer of co-co) en trêde ofsier (third officer). Ek as de ko-piloat noch yn oplieding is en de gesachfierder achte wurdt him de kneepkes fan it fak by te bringen, wurdt in trêde piloat oan 'e bemanning tafoege om derop ta te sjen dat der neat mis giet wylst de gesachfierder him mei it ûnderwizen fan 'e ko-piloat dwaande hâldt.

Foarhinne hiene ferkearsfleantugen standert in bemanning fan fjouwer of fiif man yn 'e cockpit, mei't der dan ek noch in navigator, in boardwurktúchkundige en soms in markonist/radiotelegrafist meigie, hoewol't de funksjes fan dy lêste ek wol ferfolle waarden troch de navigator. Tsjintwurdich binne de funksjes fan markonist en navigator oernommen troch de boardkompjûter, al fljocht der yn guon âldere tastellen noch wol in boardwurktúchkundige mei, dy't lykwols yn resintere fleanmasines ek ferfongen is troch automatisearre systemen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.