Springe nei ynhâld

Auckamastate

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Auckama State)
Auckamastate

De Auckamastate of Grut-Auckemastate wie in state dy't besuden de tsjerke fan Tearns tsjin de doarpsterp oanstie. Yn de ’Tegenwoordige Staat der Vereenigde Nederlanden’ fan Eekhoff stiet: Teerns, een klein en nieuw Dorp, … , zynde de Kerk hier gebouwd door de Familie der Ublema’s, welke hier de eigenerfden zyn. …. Ten Zuiden van Teerns legt Auckema State: van dit geslagt overleed in 1510 zekere Auk Pieters, die getrouwd was met Kempo Donia. Fan de state is neat werom te finen. De state wurdt yn 1722 tekene troch J. Stellingwerf, op de eftergrûn is de tsjerke fan Himpens te sjen.

De lizzing fan de state wiist op in oantal stimmem dat rjocht joech op goed 6 stimmen. Yn it stimkohier fan 1640 stiet by stim 6 “juffr. Tunnecke van Sande” neamd as eigenaresse en de pleats wurdt dan brûkt troch Jan Douwes.

Yn 1700 wurdt “de ed. hr. jr. Duco Gerrolt van Burmania” as eigener fermelden yn it floreenkohier. Brûker is dan Douwe Jacobs. Hy wurdt oanslein foar 22–21-0, yn ferhâlding mei oare pleatsen de heechste oanslach per bunder. By dizze pleats hearde blykber it bêste lân en it grutste hûs. Jonker Duco wie yn 1700 trouwens ek eigener fan de pleatsen mei stimmen 1, 2 en 4 ûnder Tearns.

Eekhoff hat op syn kaart fan ± 1850 it ikoantsje foar “ferneatige edele state” yntekene mei dêrby skreaun “Gr. Auckama”. Doe wie de state dus wyls ôfbrutsen.

Bewenners
  • 1640 Tunnecke van Sande
  • 1700 Duco Gerrolt van Burmania

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: