Asimov's Science Fiction
Asimov's Science Fiction | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | science fiction | |
frekwinsje | 10x jiers | |
bestean | 1977 – no | |
oprjochter | Joel Davis | |
plak haadred. | Norwalk (Konnetikut) | |
útjouwer | Penny Publications | |
oplaach | 22.600 (2012) | |
ISSN | 1065-2698 | |
offisjele webside | ||
www.asimovs.com |
Asimov's Science Fiction, gauris ôfkoarte ta Asimov's SF of sels Asimov's, is in Amerikaansk tydskrift op it mêd fan science fiction-literatuer. It is net earlik in moanneblêd, mei't it mar tsien kear yn 't jier ferskynt, mei dûbeltsjûke edysjes yn april/maaie en oktober/novimber. It blêd bestiet sûnt 1977 en hie yn 2012 in oplaach fan 22.593 eksimplaren. It wurdt tsjintwurdich útjûn troch de útjouwerij Penny Publications. Asimov's Science Fiction is ferneamd nei de grutte Amerikaanske science fiction-skriuwer Isaac Asimov. Hoewol't dy altyd wegere om haadredakteur fan it tydskrift te wurden, wied er al folop by de publikaasje belutsen, en skreau er opinystikken en beäntwurde er ynstjoerde brieven oant syn ferstjerren yn 1992.
Asimov's Science Fiction begûn yn 1977 as in publikaasje dy't ienris yn 't fearnsjier ferskynde, mar yn 1978 waard dat iens yn 'e twa moannen, en healwei de jierren tachtich iens yn 'e fjouwer wiken, mei in ekstra edysje foar de feestdagen fan ein desimber. Ein njoggentiger jierren makke in ôfnimmende oplaach it werombringen fan 'e edysjes ta tsien yn 't jier needsaaklik. In pear moannen foar Asimov syn ferstjerren, yn 1992, waard it blêd ferkocht oan 'e útjouwerij Doubleday, in ûnderdiel fan Bantam Doubleday Dell, dat yn 1996 oernommen waard troch Crosstown Publications. Yn 2012 kaam Asimov's Science Fiction by Penny Publications, in oare tûke fan Crosstown, dat syn haadkertier yn Norwalk hat, yn 'e steat Konnetikut.
Opienfolgjende haadredakteurs fan Asimov's Science Fiction hawwe mei-inoar 19 prestizjeuze Hugo Awards wûn foar bêste redakteur: George H. Scithers (1977-1982) 2; Shawna McCarthy (1983-1985) 1; Gardner Dozois (1986-2004) 15; en Sheila Williams (2004-hjoed) 1. Asimov's Science Fiction rikt sels sûnt 1986 ek prizen út, yn ferskate kategoryen, de saneamde Asimov's Readers' Awards, dy't tawiisd wurde op basis fan in stimming ûnder de abonnees. Under de auteurs dy't wurk yn Asimov's Science Fiction publisearre hawwe, binne grutte nammen as Isaac Asimov, Orson Scott Card, Glen Cook, George R.R. Martin, Ursula K. Le Guin, Robert Silverberg, Karen Traviss en Harry Turtledove.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Asimov's Science Fiction
- (in) Offisjele webside fan Penny Publications, de útjouwer fan Asimov's Science Fiction
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References op dizze side. |