Arnold Toynbee

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Arnold Toynbee

Arnold Toynbee (23 augustus 18529 maart 1883) wie in Ingelsk histoarikus-ekonoom, dy't ek bekend is út reden fa syn winsk en ynset om it libben fan de arbeiders te ferbetterjen.

Biography[bewurkje seksje | edit source]

Toynbee wie in soan fan dokter Joseph Toynbee, in pionier op it mêd fan otorinolaryngology.

Arnold Toynbee wie, troch syn broer Harry Valpy Toynbee, de omke fan Arnold Joseph Toynbee (1889–1975) mei wa't er faak betiest wurdt.

Toynbee gie nei iepenbiere skoallen yn Blackheath en Woolwich. Yn 1873 sette er útein mei in stúdzje politike ekonomy oan de Universiteit fan Oxford, earst oan it Pembroke College fan 1875 ôf oan it Balliol College, dêr't er nei syn ôfstudearjen yn 1878 ek dosint waard. Toynbee syn lessen oer de skiednis fan de Yndustriële Revolúsje yn de 18e en 19te ieu yn Brittanje hienen in soad ynfloed; feitlik munte Toynbee de term Yndustriële Revolúsje, of makke dy yn alle gafallen populêr yn de Ingelsktalige wrâld.[1];yn Dútslân en op oare plakken hie Friedrich Engels de term earder al brûkt.

Hy troude mei Charlotte Atwood, dy't 12 jier âlder as him wie. Hja wie in nicht fan Harold F. Davidson, de ferneamde rektor fan Stiffkey.

Toynbee stoar 1883, yn de âldens fan mar 30 jier, nei't syn sûnens hurd minder wurden wie.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Susan J. Winter and S. Lynn Taylor, The Role of Information Technology in the Transformation of Work: A Comparison of Postindustrial, Industrial and Protoindustrial Organization, in DeSanctis, Gerardine, Janet Fulk. Shaping Organization Form: Communication, Connection, and Community, Sage Publications Inc, 1999, s.105. ISBN 0-7619-0495-6