Springe nei ynhâld

Arie Visser (type rêdingsboat)

Ut Wikipedy
De Arie Visser ûnderweis nei Flylân

De Arie Visser is in saneamd type RIB-rêdingboat (Rigid Inflatable Boat) fan de Keninklike Nederlânske Rêding Maatskippij (KNRM). De Arie Visser-klasse is de grutste klasse fan de KNRM. De klasse is der kaam doe't bliken dien hie dat de Johannes Frederik-klasse in te lytse aksjeradius hie, nammentlik 4,5 oere op folle krêft. De Arie Visser kin 16 oeren mei folle krêft farre.

De boaten wurde oandreaun troch 2 MAN motoren fan 1000 pk. it stik. Dy 2 motors driuwe twa grutte Hamilton wetterjets oan. Der is keazen foar wetterjets omdat dy gjin bewegende dielen yn it wetter hawwe, en dat is feiliger foar drinkelingen. De 2 motoren jouwe de boat in topfaasje fan 34 knopen, sa'n 63 kilometer it oere.

Selsrjochtsjend

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rêdingboaten yn de Arie Visserklasse binne all-weather-boaten, dat by rûge seeën bestiet de kâns dat sy omslagge. De boaten binne sa makke dat se út harsels wer werom kantelje kinne. Dat kin trochdat it stjoerhûs fungeart as in grutte luchtkeamer en it swiertepunt fan it skip bot leech leit; de motoren en tanks sitte ûnderyn it skip. Kapseize komt lykwols net sa faak foar; der is mar ien skip yn dizze klasse yndie omslein, de Anna Margaretha fan stasjon It Amelân, op 1 novimber 2006.

Lingte 18,8 meter
Breedte 6,1 meter
Djipgong 1,03 meter
Motorfermogen 2 * 1000 hk
Faasje 34 knopen
Kapasiteit rêdenen 120
Bemanning 6

Boaten yn de rige

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Namme Thúshaven Jier yn tsjinst kaam
Arie Visser West-Skylge 1999
Koning Willem 1 Skiermûntsseach 1999
Zeemanshoop Breskens 2000
Koopmansdank Neeltje Jans 2001
Koos van Messel IJmuiden 2003
Anna Margaretha Ballumerbocht (It Amelân) 2004
Jeanine Parqui Hoeke fan Hollân 2006
Joke Dijkstra De Helder 2007
Kitty Roosmale Nepveu Skeveningen 2008
Antoinette Stellendam 2009