Springe nei ynhâld

Arend Egbert Hoving

Ut Wikipedy

Arend Egbert Hoving (Ezinge, 17 maaie 1896Assen, 17 maart 1977) wie in Nederlânske politikus.

Hy waard berne as soan fan de hofker Eelke Hoving (1855-1941) en Scheltje Spanjer (1862-1946). Syn amtlike karriêre begûn er as folontêr by de gemeentesekretary fan Ezinge en dêrnei wurke er efterelkoar by de gemeenten Barradiel, Rijswijk en Skoatterlân. Yn 1934 fusearren de gemeenten Aengwirden, Skoatterlân en in part fan Haskerlân ta de nije gemeente It Hearrenfean dêr't er haadkommys-redakteur waard. Hoving waard yn 1937 boargemaster fan Westdongeradiel.

Yn 1961 gie er mei pinsjoen. Hy stoar yn 1977 yn de âldens fan 80 jier.