Arbeitsdorf

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Arbeitsdorf wie in Dútsk wurkkamp yn de Twadde Wrâldoarloch, op sa'n 30 kilometer fan Braunschweig. It kamp waard op 8 april 1942 iepene en wie ornearre as modelprojekt foar it mei-inoar oparbeidzjen fan de SS en de metaalyndustry. Yn Arbeitsdorf waarden de finzenen twongen ta slavearbeid en it nije prototype fan de Folkswein te meitsjen. Ofsieren waarden ûnder mear út de konsintraasjekampen Neuengamme en Dachau helle. Al op 11 oktober 1942 waard it kamp sletten. Der stoaren yn alle gefallen seis minsken yn Arbeitsdorf, de oerlibbenen waarden nei de sluting nei it easten deportearre.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: