Arara

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lizzing steat Paraíba yn Brazylje
Lizzing Arara yn Paraíba.
Flagge fan Paraíba

Arara is in gemeente en in stêd yn de steat Paraíba, Brazylje. It hat 12.804 (2009) ynwenners en in gebiet fan 89 km². It leit op de heechflakte fan Borborema op in hichte fan 467 m boppe seenivo.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik waard de krite bewenne troch it Cariri-folk. It gebiet wie fan bosk bedutsen dat swart hout levere, pleatslik bekend as Baraúna. De beammen tsjinnen as skûle foar reizgers dy't moal, kassave en rapadura yn de regio's Brejo and Curimataú kochten. De krite wie bekend ûnder de namme "Baraúnas das Araras" om't dêr oant 1860 in soad macaws (portegeesk: arara, in papegaaiesoarte) foarkamen.

José Antônio Maria Ibiapina.

Yn dy tiid kaam ek de pryster José Antônio Maria Ibiapina út Ceará nei dy kriten. Hy spile in grutte rol yn de sivilisaasje fan it Curimataúgebiet. Hy stifte it Santa Fé-sikehûs yn de omkriten fan de hjoeddeiske stêd, op lân dat skonken wie troch boargemaster Antônio José da Cunha, eigner fan kalkstienôfsettings yn dy regio.

Antônio José da Cunha boude ek it earste hûs yn wat it doarp Arara wurde soe, en hat in soad bydroegen oan de ûntjouwing fan it plak oant syn dea, mei 94 jier, yn 1881.

Padre Ibiapina stifte ek de tsjerke fan Arara, ûnder de namme Nossa Senhora da Piedade (Us Leaffrou fan Frommens). Yn 1876 wie it doarp oanwaakst ta sa'n 80 hûzen en 500 ynwenners.

Yn 1937 en 1938 wurdt Arara rekkene ta de gemeente Serraria. Op 1 desimber 1961 wurdt it plak losmakke fan Serraria en wurdt it in selstannige gemeente. It soad minsken hawwe krewearre om it sa fier te krijen, ûnder oaren Dr. Marinésio Moreno, Dr. Mário Moreno, en Marísio da Cunha Moreno.

Tsjerke fan Us Leaffrou fan Frommens

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd hat in savannaklimaat, mei in trochsneed jiertemperatuer fan 24°C. It reinseizoen begjint yn jannewaris of febrewaris en duorret oant septimber of oktober.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens it IBGE (Brazyljaansk Institút fan Geografy en Statistyk) oer 2008 wenje der 12,698 minsken yn de gemeente. De befolkingstichtens wie 142,9 ynw./km².

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]