Springe nei ynhâld

Muzykferiening Apollo

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Apollo (Burgum))

Muzykferiening Apollo is in fanfare út Burgum, en komt út yn de fiifde ôfdieling fan de KNFM. Yn 2010 hat Apollo 44 wurkjende leden.

Op 10 desimber 1901 is muzykferiening "Nij Apollo" oprjochte. Der bestie al earder in muzykferiening mei de namme "Apollo", mar dy waard opheft fanwege ûnienigens oer de fergoeding dy’t útbetelle waard oan de ferskillende leden. Letter is de namme "Nij Apollo" wer feroare yn "Apollo". Yn desimber 2001 bestie de feriening hûndert jier.

Groepsfoto fan de leden fan Apollo (2007)

Apollo hat in mei-elkoarspylgroep. Yn dy groep kinne de begjinnende muzikanten ûnderfine wat it is om mei elkoar muzyk te meitsjen. Hjir komme se yn oanrekking mei de ferskillende Muzykynstruminten.

It orkest docht mei oan in skoalprojekt. Dit is in gearwurking mei de basisskoalle “‘t Partoer” yn Burgum. Op it stuit dogge der 35 learlingen, ferdield oer 3 groepen, oan dit projekt mei. Ek muzykskoalle “De Wâldsang” docht mei oan it projekt.

Elk jier jout Apollo meardere konserten. Hjirûnder falle de jierlikse foarjierskonserten yn febrewaris, it kofjekonsert mei de Burgumer Folksdûnsploech, bûtenkonserten yn juny, de tradisjonele optocht troch Burgum yn de krystnacht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: