Apokrive skiedskriuwing

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Apokrive skiedskriuwing is it efterôf skriuwen fan skiednis mei it doel om it ferline fan it eigen folk te idealisearjen.

Yn de 15e iuw is der in stribjen om eftergrûnen en doel te jaan oan it eigen folk, en dan leafst sûnder ûnderbrekkings. Omdat der faak net genôch boarnen wienen waarden âlde kroniken optocht en opskreaun.
Yn Fryslân waard dat de kronyk fan Ocko Scharlensis. Dy soe dan troch Andreas Cornelius bewarre west ha en fuortset. Dat waard de basis fan in steech trochgeand sjenre troch:

  • Suffridus Petrus besocht dizze kronyk in wittenskiplik oansjen te jaan
  • Yn Fryslân bestie al yn de iere midsiuwen in langstme nei nasjonalisme
  • De kronyk sluet oan by de tradysje út de midsiuwen: de tiid fan Karel de Grutte wie de 'goede âlde tiid'.

Ubbo Emmius wjerlei lykwols it besykjen fan Suffridus Petrus: syn krityske metoade krige oanhing. Mar sûnt de 17e iuw wurdt men lykwols kritysk tsjinoer wat opskreaun is en hâldt men it by wat mûnling oerlevere is. Yn de tiid fan de Romantyk wurde guont hielendal poer sadat men yn de 19e iuw noch altyd krijen hat mei apokrive skiedskriuwing. De ferhalen fan de Bruorren Halbertsma dogge spylje dêryn net swak by. De foar it meastepart aadlike Deputearre Steaten beskermje it sjenre ek. Se ferwachtsje fan lanlike skiedskriuwers as Furmearius en Winsemius dan ek dat dy de rom fan harren famylje en dy fan Fryslân goed útkomme lieten en net tefolle de geskriften fan Ubbio Emmius acht sloegen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Apocriefe geschiedschrijving.
  • E.H. Waterbolk, Twee eeuwen Friesche geschiedschrijving (Grins-Djakarta, 1952)