Springe nei ynhâld

Antroposofy

Ut Wikipedy

Antroposofy [antropo (minsk, minsklik) + sofy (lear, wiisheid)] is in wrâldsbeskôging basearre op de opfettings fan Rudolf Steiner. Steiner ûntwikkele ûnder oaren in teory oer de ynfloed fanút de kosmos op de ûntwikkeling fan it temperamint by in minsk. Hy ûnderkenne (yn neifolging fan Hippokrates' lear der humores) ferskillende minsketypen.

In wichtige ynspiraasjeboarne wie de teosofy, dy't û.o. op skrift steld waard troch de aadlike Russin Helena Petrovna Blavatsky. Har grutste wurk wie De Geheime Lear út 1888.

Rudolf Steiner begûn yn 1903 as sekretaris-generaal fan de Dútske ôfdieling fan de Teosofyske Ferieniging, mar kaam yn 1911 in konflikt mei Annie Besant dy Krishnamurti as nije wrâldleraar en werberte fan Kristus ferkundige. Hy waard út de Teosofyske Ferieniging setten en wurke fierder as learaar yn de troch him yn 1913 oprjochte Antroposofyske Ferieniging. Yn 1923 rjochte Steiner de Algemiene Antroposofyske Ferieniging dêr't hy sels foarsitter fan waard.

Steiner giet út fan it bestean fan in "geastlike wrâld' dêr't (minske) sielen harren út werberne wurde yn in ierdsk, lichaamlike gedaante. Neffens him is it minsklike bestean in krusing fan geast en lichem, dêr't de siel in kaai-rol by ferfolt. Hy neamd dizze ûntwikkeling karma en neffens him ûntwikkelt de siel him yn tiidrekken fan sân jier. Op dat tiidrek rjocht it ûnderwiis him fan de frije skoalle.

De frije skoallen yn Nederlân binne, lykas de biologysk dynamyske lânbou basearre op de antroposofy.