Springe nei ynhâld

Antoon Reinard Uhl

Ut Wikipedy

Antoon Reinard Uhl (Ommen, 30 july 1841 - It Hearrenfean, 15 febrewaris 1925)[1] wie in riedslid fan de gemeente Skoatterlân.

Uhl wenne wikseljend yn Skoatterlân en Aenjewier. Yn 1891 folge er wethâlder Dirk Woltman op, dy't doe boargemaster waard. Doe't hy yn 1912 ôfgie waard hy troch de destiidske boargemaster fan Aenjewier - Jhr.Mr. J.M. van Beyma - huldige yn bywêzen fan de ried.

Fan 1887 - 1922 wie hy foarsitter fan de feanpolder fan it 4e en 5e Feandistrikt. Uhl wie ek boekhâlder fan de fennoatskip It Posthûs, sekretaris fan 'Floralia', lid fan de Fâdijried, lid fan de milysjeried, ponghâlder en earelid fan de iisferiening 'Thialf' en bestjoerslid en boekhâlder fan de Spar- en Foarskotbank. Hy wie ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Antoon Reinard Uhl waard begroeven yn Terbant.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stambeam Leeflang